Protestfleantúch yn Harns

26 aug 2009 - 14:28

By de iepening fan de Harnzer Fiskerijdagen hawwe har woansdei in pear ynsidinten foardien. Sa fleach der woansdeitemiddei in fleantúchje mei in protestspandoek boppe de havenstêd.

Op it spandoek stiet dat boargemaster Scheffer opstappe moat. Ek binne der minsken mei in protest-tshirt oan. De organisaasje wie yn't foar al benaud foar protesten. Minsken protestearje tsjin de ôffaloven dy't op dit stuit yn Harns boud wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)