Steaten oer oven: iepenbier

Protesten of net; de bou fan 'e ôffaloven giet gewoan troch...
De sletten gearkomste fan provinsjale steaten oer de ôffaloven yn Harns fan woansdei wie dochs iepenbier. Fan 13 oant trije hawwe de steaten praat oer ynsjoch yn de korrespondinsje fan provinsje mei saakkundigen oer de oven. SP, GrienLinks en FNP wiene út de gearkomste opstapt as dy net iepenbier makke wie.
Ek VVD en PvdA woene dat der yn de iepenbierheid oer de dokumintaasje praat wurdt en dêrmei wie in mearderheid foar iepenheid.