Manlju oppakt om mishanneling

26 aug 2009 - 10:29

Twa Ljouwerters fan 24 en 29 jier binne tiisdeitejûn oanhâlden troch de plysje. In 28-jierrige man spruts de twa oan op harren gefaarlike rydgedrach, mar de twa Ljouwerters hiene dêr dúdlik gjin ferlet fan. Sy hawwe it slachtoffer slein en skopt.

Doe't de plysje de fertochten oanhâlde woe fersette de 24-jierrige him bot. Letter die bliken dat de man tefolle drank op hie. Tsjin beide manlju is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)