Foto's relfertochten on-line

26 aug 2009 - 10:16

De plysje hat 21 foto's op ynternet set fan manlju dy't fertocht wurde fan belutsenheid by de rellen nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Roda JC. Mei de publikaasje hopet de plysje ek de lêste relskoppers oan te hâlden. Wa't him de ôfrûne moannen sels melde, koe sa foarkomme dat in foto op ynternet publisearre wurde soe.

48 minsken binne oanhâlden. Tiisdei ha noch trije manlju har melden om sa fertoaning fan de foto's op www.dadergezocht.nl foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)