Sykje om bom by Eagmaryp

© Omrop Fryslân
Freed wurdt socht nei de fleantúchbom fan Eagmaryp. Doe't de gemeente oan de Graverij in nij rioel lizze woe, fertelden tsjûgen de gemeente dat der yn de Twadde Wrâldoarloch in bom delkaam is dy't noait ûntploft is.
It soe gean om in bom fan in Ingelsk fleantúch. Freedtemoarn begjinne de Eksplosieven Opruimingsdienst en in spesjaliseare oannimmer mei it ûndersyk. Media en oare nijsgjirrige lju wurde foar de feilichheid fan it terrein hâlden.