Misse dei Fryske silers

Roelof Bouwmeester fan Warten hie tiisdei op it WK silen yn de Laser yn Kanada in strieminne dei. Yn de goudfloat waarden nei twa dagen sûnder wedstriid (tefolle wyn en te min) trije races syld. Bouwmeester waard 27ste, 37ste en 33ste. Hy sakke fan it 30ste nei it 43ste plak mei 136 punten. Olympysk en Europeesk kampioen Paul Goodison giet oan de lieding.
Pieter-Jan Postma sakke op it EK Finn fan it fiifde nei it sânde plak. Yn Varna waard er yn de tredde race 16e.