Bytskyldpot poater

bytskylpod (boarne: wikipedia)
In Ljouwerter reptilebedriuw sil woansdei op syk nei in ûntsnapte skyldpod yn it Drintske Diever. Meiwurkers fan it bedriuw Repticura sille besykje de ûntsnapte bytskyldpod werom te finen.
It bist, dat in heale meter lang is, kin neffens de eigner gefaarlik wêze. It reptyl kin fingers, teannen of sels in hiele hân ôfbite as minsken of bern te tichtby komme. Ek kin it bist in gefaar foarmje foar húsdieren. De bytskylpod is moandei al útnaaid.