Gjin golfbaan by Grou

25 aug 2009 - 21:26

De plannen om in park mei deryn in golfbaan by Grou oan te lizzen geane foarearst net troch. Projektûntwikkeler Notermans hie in opsje op grûn tusken Akkrum en Grou, mar hy sjocht fan oankeap ôf.

Syn doel wie om op dat plak in golfpark oan te lizzen mei simmerhuzen, in hotel en oare toeristyske akkommodaasjes. In soad minsken wiene tsjin de komst fan it park by de Pikmar en de Ie en der wie ek gjin draachflak yn de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)