Ferlies jong Hearrenfean/Emmen

25 aug 2009 - 20:58

Jong Hearrenfean/Emmen hat tiisdeitejûn de earste kompetysjewedstriid fan it nije seizoen mei 2-0 ferlern fan jong Feyenoord/Excelsior. Yn Rotterdam krige de Feansters amper kânsen. Krekt foar it skoft kaam de thúsploech troch Jerson Anes Ribeiro op foarsprong.

Fier yn de twadde helte waard it 2-0 troch Jordao Pattinama.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)