Hege straffen twa Ljouwerters

© Omrop Fryslân
It iepenbier ministearje yn Ljouwert hat selstraffen fan 13 en 5 jier mei TBS easke tsjin twa Ljouwerters. Sy soene op 18 oktober ferline jier op brute wize seis minsken oerfallen hawwe. Ien fan de slachtoffers rekke dêrby ferwûne oan de rêch.
Earder hie de rjochtbank harren noch ta 10 jier en 5 jier mei TBS feroardiele. De mannen wiene op it stuit fan de oerfallen ûnder ynfloed fan drank en drugs. De útspraak is op 8 septimber.