Wethâlder hâldt dermei op

© Omrop Fryslân
Wethâlder Sierd van Weperen (42) fan Eaststellingwerf komt nei de riedsferkiezings fan takom jier net werom. De VVD'er stelt him net mear beskikber foar in nije riedsperioade.
Van Weperen sit tolve jier yn de gemeentlike polityk, de lêste acht jier as wethâlder. Yn Eaststellingwerf hat er ferkear en miljeu yn de portefúlje. Hy hâldt him de kommende tiid noch dwaande mei de bou fan it nije gemeentehûs en de werynrjochting fan de Boerestreek yn Appelskea.