B en W bedrige om ôffaloven

25 aug 2009 - 16:43

Boargemaster en wethalders fan Harns wurde bedrige troch tsjinstanners fan de nije ôffaloven. Op ynternet wurde sinnen skreaun as soene de bestjoerders opknope wurde moatte om't se foar de komst fan de oven binne.

Boargemaster Scheffer sei dat tiisdei by in gearkomste dy't spesjaal foar de parse hâlden waard oer de ôffaloven. De gemeente wol der alles oan dwaan om bettere ynformaasje te jaan. Tiisdei wiene de earste ynformaasjegearkomsten foar de boargers fan Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)