Plakette foar omkommen Friezen

25 aug 2009 - 12:46

Yn de Johannes Postkazerne yn Havelte is tiisdei in plakette ûntbleate ta oantinken oan tritich omkommen Friezen fan it oarlochsfrijwilligersbataljon Fryslân. Dy kamen flak nei de oarloch om it libben, doe't se ynset waarden yn it eardere Nederlânsk-Ynje.

De plakette waard ûntbleate by in spesjaal appèl fan it 44ste pantserinfanterybataljon Johan Willem Friso.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)