Mêstrûte bringt Wergea te min

© Omrop Fryslân
Wergea soe folle mear profitearje kinne fan de wettertoeristen dy't oer de Steandemêstrûte by it doarp farre. Dat fine it CDA, doarpsbelang en de wettersportferiening. Der komme in soad ekstra boaten oer de nije farrûte by Wergea. De Palmabrêge by it doarp gie de ôfrûne perioade wykliks mear as 500 kear iepen.
Dy ekstra boatsjefarders soene foar it doarp ek mear ynkomsten opsmite kinne, mar dan moatte earst de oanlisplakken en foarsjennings ferbettere wurde.