Museum Hylpen bestiet 90 jier

25 aug 2009 - 10:32

Museum Hindeloopen yn Hylpen makket in soad wurk fan it 90-jierrich bestean yn septimber. Sa komt der yn spesjale kuierrûte yn de stêd by histoaryske foto's op panielen lâns. Fierder is der ûnder oare in eksposysje mei skilderijen fan de havens oan de eardere Sudersee. De skilderijen dêrfoar komme út hast alle musea fan havenplakken oan de Iselmar.

It Museum Hindeloopen is ien fan de âldste musea fan Fryslân. De basis is de kolleksje fan Hidde Nijland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)