Bromfytser botst tsjin keet

25 aug 2009 - 10:11

In 38-jierrige man út Noardwâlde is moandei ferwûne rekke doe't er mei syn brommer tsjin in skaftkeet opbotste. It slachtoffer ried oer de Dominee van der Tuukstraat en hie syn brommer nei alle gedachten net mear ûnder kontrôle. Dêrtroch klapte er tsjin de keet oan.

De man hie ferwûnings oan it gesicht en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Dêr is in bloedproef dien, omdat de bestjoerder mooglik alkohol hân hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)