Jonge ferstoarn nei ûngelok

© Omrop Fryslân
In jonge fan 16 jier út Burgum is moandeitemiddei ferstoarn oan de gefolgen fan in ûngelok. De jonge ried op syn brommer oer de Mr. W.M. Oppedijk van Veenweg doe't er troch noch ûnbekende oarsaak út de bocht rekke. Hy klapte tsjin in parkearde auto.
De jonge hie ynwindich letsel en waard mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Dêr is hy letter ferstoarn.