'Cohen' ek yn teater súkses

25 aug 2009 - 09:54

Nei de 10.000 ferkochte cd's is it projekt 'Cohen yn it Frysk' ek yn it teater in trochslaand súkses. De trije konserten yn de Lawei yn Drachten binne allegear sawat útferkocht, wylst der earst mar ien konsert komme soe.

De teaterfoarstelling, wêrby't tolve Fryske artysten sa as Piter Wilkens en Elske de Wall ferskes sjonge fan de ferneamde Leonard Cohen, is oanfold mei akteur Thijs Feenstra. Hy sil yn ferskate rollen it libben fan Cohen fertelle en foarlêze út Cohen syn boek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)