Jubileumshow hynstestamboek

© Omrop Fryslân
Yn Wergea is moandei foar de earste kear in repetysje hâlden foar de grutte jubileumshow fan de Keninklike Feriening Frysk Hynstestamboek. Yn oktober sil it 130-jierrich bestean fierd wurde mei in spektakulêre dûnsshow yn it WTC Expo yn Ljouwert.
Dêrby sille hynders en minsken troch elkoar hinne dûnsje op muzyk fan it Frysk Jeugdorkest. Sa'n grutte show is net samar klear, foaral omdat de hynders en menners út it hiele lân weikomme moatte.