Oerlis oer belied Fryske taal

© Omrop Fryslân
Belangegroepen en organisaasjes dy't mei de Fryske taal dwaande binne, moatte mei-inoar oerlizze oer de prioriteiten foar it Fryske taalbelied. Ek moat dúdlik wurde hoe't sy tinke dat it belied organissearre wurde moat. Dat seit boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel.
Waanders sit yn in stjoergroep dy't konkrete útstellen makket foar de oerdracht fan it Fryske taalbelied fan it Ryk nei de provinsje.