Auto's yn park Dronryp

De tsjerke yn Dronryp
It plan om it parkje efter De Haven yn Dronryp om te foarmjen ta parkearplak liket troch te gean. It plan waard ferline jier al makke, mar dêrnei waard it stil. Yn de tuskentiid is berekkene dat de tweintich parkear- plakken yn it park 30.000 euro kostje. De gemeente kin dêr 7500 euro subsydzje foar krije.
By de tsjerke fan Dronryp is it krap mei parkearplakken, benammen by konserten. De hiele Tsjerkebuorren en Haven komme dan fol te stean.