Net oeral AED yn Menameradiel

Mei in AED kin minskelibbens rêden wurde
It wurdt dreech om yn alle doarpen yn Menameradiel in Automatische Defibrilator (AED) op te hingjen. Der binne der net genôch frijwilligers om de apparaten te betsjinjen.
In defibrilator is in apparaat dat in elektryske skok jout oan minsken mei akute hertproblemen. De gemeenteried woe graach yn 'e measte doarpen sa'n AED hawwe, mar dat slagget net. Neffens wethâlder Verdoner komme se der yn fjouwer plakken yn alle gefallen wol.