Bioboeren wolle mear opfalle

24 aug 2009 - 18:30
Ien fan de buorden fan it Fryske Ekoprodukt

In groep biologyske Fryske boeren mei in winkel wol har produkten better werkenber meitsje en promoatsje mei it karmerk Frysk Ekoprodukt. Dat stiet foar produkten dy't yn Fryslân produsearre en ferwurke binne.

It karmerk bestie al, mar it waard noch net in soad brûkt en der wie ek gjin goede kontrôle op. De boeren dy't it karmerk no brûke sille, wurkje al langer mei-elkoar gear foar harren buorkerijwinkels.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)