Blau-alch yn Grou en Wergea

Swimme yn wetter mei blau-alch wurdt ôfret
Der is op 'e nij blau-alch ûntdutsen. It giet om it swimstrantsje oan 'e Blikpôle yn Grou en de Wergeasterfeart yn Wergea. Yn dat plak is de blau-alch fûn by de jachthaven oan 'e Narderbuorren.
By it swimstrantsje stiet in boerd om minsken op de blau-alch te wizen. Dêr jildt no in swimferbod. Earder dizze simmer waard blau-alch oantroffen yn de Burgumermar by Eastermar en de Leijen by de Rottefalle. De blau-alch is dêr yntusken wer wei.