Mark de Vries mooglik yn basis

Mark de Vries
Cambuur moat it moandeitejûn yn 'e drege útwedstriid yn en tsjin Volendam dwaan sûnder Ruud ter Heide. De spits is foar trije wedstriden skorst. Mark de Vries is de wichtichste kandidaat foar it plak fan Ter Heide. Oft De Vries ek echt yn 'e basis stiet, wol trener Stanley Menzo net befestigje of ûntkenne.
Trener Menzo beskikt útsein Sandor van der Heide oer in fitte seleksje. It is in wichtige wike foar Cambuur. Freed moatte de Ljouwerters nei Den Bosch.