Brân hof stedhâlder oanstutsen

24 aug 2009 - 10:29

De brân fan sneintejûn yn hotel Het Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert is mooglik oanstutsen. In man (38) fan de Lemmer meldde dat der brân wie yn in hotelkeamer op de tredde ferdjipping.

Hy hie spoaren fûn dy't mooglik wiisden op brânstifting. De Lemster hie ek in fertochte man sjoen dy't it hotel út rûn wie. Dêrnei ûntduts er de brân yn de hotelkeamer. Der stie in bêd yn brân. De Lemster koe de brân sels blusse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)