Man ferwûne by ûngelok Diever

© Omrop Fryslân
In automobilist (24) fan De Blesse is sneintemoarn ferwûne rekke by Diever. De man kaam op de Ter Darperweg mei de tsjillen yn 'e berm, rekke dêrnei by it bystjoeren yn de oare berm, fleach tusken in tal beammen troch, knalde tsjin in bushaltepeal, fleach oer in tal greppels en troch boskjes, oer in fytspaad en einige op 'e kop yn in stik greide. Dêr moast er troch de brânwacht út de auto helle wurde.
Hoe slim de man ferwûne rekke is net bekend. Der is in bloedproef dien.