Ungelok Sumar: 3 ferwûnen

24 aug 2009 - 09:23

De plysje ûndersiket in oanriding, sneintejûn op de Greate Buorren yn Sumar. In ynwenster fan Ljouwert rekke dêr mei de auto fan 'e dyk en fleach tsjin in beam. Troch de klap bedarre se op de oare helte fan 'e dyk en knalde dêr op de auto fan in ynwenster fan Eastermar. De twa auto's kamen dêrnei yn in tún ta stilstân.

De fiif ynsittenden fan de auto's waarden nei it sikehûs brocht, trije fan har moasten dêr bliuwe. De auto's en de tún rekken swier skânsearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)