Hearrenfean ferliest fan AZ

Doelman Lejsal
Sportklup Hearrenfean is der sneintemiddei yn it Abe Lenstrastadion net yn slagge om fan AZ te winnen. De Alkmaarders wûnen mei 2-0. Nei 30 minuten yn de earste helte kaam AZ op in 1-0 foarsprong troch in eigen doelpunt fan doelman Martin Lejsal.
Yn de twadde helte soarge El Hamdaoui foar de 2-0 en dat wie ek de einstân. Yn de 90 minuten fuotbal krige Hearrenfean mar ien grutte kâns. It wie sûnt oktober ferline jier it earste ferlies yn it eigen stadion.