Frou oanholden foar stellerij

23 aug 2009 - 16:24

In 31-jierrige ynwenster fan De Tynje is sneontemiddei oanholden troch de plysje foar it stellen fan klean yn in winkel oan it Moleplein op It Hearrenfean. Personiel seach dat de frou in trainingsbroek, in jaske, in t-shirt en in kamûflaazjebroek yn in tas stuts en de kassa foarby rûn.

Doe't se de winkel útgong gong it alarm ôf en naaide se gau út. Oplettende plysjes koene de frou oanhâlde yn de Commandeurstrjitte. Se hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)