Schuil en Nummerdor winne
Beachfollyballers Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor hawwe snein it toernoai yn de Finske Aland wûn. Yn de finale wiene de Nederlanners te sterk foar it Dútske duo, de wrâldkampioenen Julius Brink en Jonas Reckermann.
Yn trije sets, 21-23, 21-15 en 15-11 waard de winst binnenhelle. It is har fjirde titel yn de wrâldtour.