Van der Pal kampioen triatlon

23 aug 2009 - 15:42

Stefan van der Pal is op 'e nij Frysk kampioen triatlon wurden. De 28- jierrige Ljouwerter kaam snein yn Drachten nei 1500 meter swimmen, 40 kilometer fytsen en 10 kilometer rinnen yn 2.00,02 as earste oer de streek en pakte sa syn tredde Fryske titel op rige. Van der Pal kaam as tredde út it wetter, skode op de fyts nei it twadde plak en helle Henk-Jan Dolsma fan Grins by it rinnen yn.

Silvia Brouwer fan Aldskoat waard by de froulju Frysk kampioen yn 2.29,26.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)