50.000e besiker Wettervlecke

23 aug 2009 - 12:13

Swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean hat freed de 50.000e besiker binnen helle. De swimbad hat troch it moaie waar in oantal topdagen hân. Op de drokste dagen kamen der mear as tûzen minsken nei it bad.

De 50.000e besiker hat in swimabonnemint krigen foar it kommend jier. It swimbad yn Surhústerfean is noch in oantal wiken iepen. Op 12 septimber slút Wettervlecke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)