Grut feestkoar yn Appelskea

© Omrop Fryslân
Op de Boerestreek yn Appelskea wurdt snein op 'e nij besocht om in feestkoar by elkoar te krijen fan op syn minst 700 minsken. Yn july waard dat ek al besocht, mar doe kamen der mei troch it minne waar mar 360 sjongers opdaagjen. De 700 sjongers stean symboal foar de 700 jier dat de Stellingwerven bestean.
De organisaasje hat moannenlang dwaande west mei it feestkoar. It is de bedoeling dat der foaral minsken út de Stellingwerven meisjonge.