Gjin aksjes by FK ielrikjen

22 aug 2009 - 17:08

Der ha gjin aksjes west tsjin it ielrikjen op it Frysk kampioenskip dat sneon yn Tsjalbert holden waard. Alles wat mei iel te krijen hat leit ûnder fjoer omdat aksjegroepen wolle dat de fangst fan iel ferbean wurdt.

De fisk driget út te stjerren. Fierder is der ek in soad krityk op de wize fan deameitsjen fan de fisk. De aksjegroep Wakker Dier is fan doel om ek de ielrikkers oan te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)