Nij rekôr Bart Helmholt

22 aug 2009 - 16:08

By it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen yn Jaarsveld soarge Bart Helmholt fan Burgum sneon foar in geweldige ferrassing troch in nij Nederlânsk rekôr fan 21,01 meter te springen.

It âlde rekôr fan 20,79 meter stie op namme fan Jaco de Groot út Kamerik. It is foar it earst yn de fierljepskiednis dat der oer de 21 meter ljept is. By de froulju pakte Anne Jet Leyenaar fan Snits mei in Frysk rekôr fan 16,06 meter de titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)