Man betellet drankjes net

22 aug 2009 - 15:37

In Ljouwerter (22) is yn de nacht fan freed op sneon oanholden op it Ruterskertier yn de stêd om't er syn drankjes net betelle hie. Doe't de kroechbaas dêr wat fan sei, die bliken dat de man gjin jild by him hie.

De eigner stelde foar om nei it pinautomaat te rinnen. Doe't se dêr oan kamen, besocht de Ljouwerter út te naaien. De plysje waard warskôge en dy seach dat it om in bekende fan de plysje gie. De man hat in hoarekaferbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)