Oanholden foar drugsbesit

22 aug 2009 - 14:37

De plysje hat twa Ljouwerters (32 en 34 jier) oanholden foar drugsbesit. Nei in anonime tip stelde de plysje in ûndersyk yn nei de beide manlju. Yn har auto trof de plysje wat hasj en kokaine oan.

De manlju waarden dêrop oanholden. De plysje die yn in wenning yn de Robbinsonstrjitte in hússiking. Dêr fûn de plysje goed trije kilo weed. De bewenner (42) waard ek oppakt. De auto mei dêryn de drugs wie fan him. De auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)