Gaslucht by kafee yn Ljouwert

22 aug 2009 - 12:28

De brânwacht moast freedtejûn yn aksje komme foar in gaslek by kafee Coby yn de Beijerstrjitte yn Ljouwert. By it kafee hong in sterke gaslucht. Nei't fêststeld wie dat it om in gaslek gie, waard om 18.40 oere hinne de brânwacht ynskeakele.

Dy hat de doar fan it kafee iepenbrutsen om deryn komme te kinnen. In meiwurker fan Enexis hat it lek ticht makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)