Miljoenejacht makket wetter

22 aug 2009 - 09:02

In 23 meter lang motorjacht is freedtejûn yn problemen rekke op de Iselmar. Twa minsken makken in proeffeart op in skip fan it type Velder, doe't it skip ynienen wetter makke.

De rêdingsboaten fan Enkhuzen, Hylpen en de Lemmer en twa boaten fan in bergingsbedriuw ha help ferliend. Se koene de lekkaazje ferhelpe en ha it wetter út de masinekeamer en de ferbliuwen pompt. It skip is yn Starum op it droege set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)