Ferkearsregelaars krije stipe

© Omrop Fryslân
De plysje sil sneon by de Bartlehiem skeelertocht stranger tasjen oft minsken oanwizings fan ferkears-regelaars wol opfolgje. Ferline fielde in regelaar him bedrige troch in man dy't mei syn auto op him ynried.
De organisaasje fan de 30 kilometer lange skeelertocht sil it parkoers middeis ôfslute foar trochgeand ferkear. Omliedingrûtes wurdt oanjûn mei buorden. Foar it earst sil ek Elma de Vries meidwaan oan de tocht dy't begjint en finisht yn Hallum.