Súkses foar Schuil op Alân

© Omrop Fryslân
Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe de heale finale berikt fan it beachfoljebaltoernoai fan 'e Alâneilannen tusken Sweden en Finlân. Schuil en Nummerdor weefden freed earst ôf mei de as twadde pleatste Herrera en Gavira út Spanje. It waard yn sets twa kear 21-17.
Letter op de dei waard wûn fan it Braziliaanske duo Marques en Cerruti mei 21-18 en 21-14. Schuil en Nummerdor hawwe harren dêrtroch pleatst foar de heale finale.