Nij sportkompleks Drachten los

Mei akrobatyske toeren is freedtemiddei yn Drachten it nije sportkompleks oan 'e Sportleane iepene. Ferienings en de gemeente Smellingerlân hawwe der goed 4,5 miljoen euro yn stutsen. Dat jild is ynvestearre yn sportfjilden, kluphuzen en sels yn in nije kuorbalhal. De fyftjin ferienings op it kompleks sille mear gearwurkje as se earder diene. Der wiene freedtemiddei in soad sportive aktiviteiten dêr't hûnderten minsken oan meidiene.