Doutzen Kroes wer frijfaam

21 aug 2009 - 16:41

De meast begearlike frou fan Fryslân is wer frijfaam. De geruchten dat har relaasje út wêze soe, rûsden al in skoftke, mar tongersdeitejûn befestige topmodel Doutzen Kroes by RTL Boulevard dat it wier is.

Doutzen hie ferkearing mei it neefke fan popsjonger Lenny Kravitz, Greg Andrews, dy't ek optreedt ûnder de namme DJ Ruckus. It gerucht giet no dat Doutzen mei in oare DJ giet: de Nederlanner Sunnery James, mar ek de frijfeinten fan Eastermar ha wer hope.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)