Stride om stipe Rabobank

21 aug 2009 - 16:03

22 goede doelen yn Fryslân stride dizze hjerst om subsydzjejild fan de Rabobank. Se dogge dat op ynternet. Elke feriening of ynstelling dy't meidocht, hat in filmke makke dêr't it goede doel yn oanpriizge wurdt. Leden fan 'e bank kinne dan stimme op it filmke dat harren it measte oansprekt.

De filmkes binne al te besjen op YouTube. Fan nije wike ôf is der in spesjale website dêr't de leden fan 'e bank stimme kinne mei in persoanlike ynlogkoade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)