Van de Lageweg fokker fan 2009

© Omrop Fryslân
Fokker Wypke van de Lageweg fan Bears is útroppen ta fokker fan it jier 2009. It giet by dizze priis om it fokken fan springhynders. De sjuery wie net allinnich loovjend oer de kwaliteit fan de hynders, mar ek oer de ynset fan de famylje foar oare fokkers en de passy dêr't mei wurke wurdt oan de ferbettering fan de Nederlânske hynstestân.
Net allinnich yn eigen lân, mar oer de hiele wrâld is de namme fan de famylje Van de Lageweg in begryp.