Soad skuldhelp NE-Fryslân

21 aug 2009 - 12:45

It tal gesinnen yn Achtkarspelen en Kollumerlân dat in berop docht op de skuldhelpferliening is mei 67% omheech gien. Der binne yn de twa gemeenten no 122 húshâldings dy't help krije by it beteljen fan skulden. Yn 2006 wiene dat noch 73.

It giet om húshâldings mei saneamde risikofolle skulden dy't selsstannich net mear ôf te lossen binne. Achtkarspelen en Kollumerlân hawwe mei-inoar sa'n 363 gesinnen mei dat soarte fan skulden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)