A6 sneon foar part ôfsletten

© Omrop Fryslân
Op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer wurdt sneon tusken seis oere moarns en acht oere jûns yn beide rjochtingen wurke oan 'e dyk. Yn ferbân mei asfaltearringswurksumheden is der dan mar ien rydstrook beskikber en jildt in maksimumsnelheid fan 70 kilometer.
Ek nije wike woansdei en tongersdei wurdt der noch wurke oan de sneldyk tusken De Jouwer en De Lemmer. Dan is yn de nacht fan woansdei op tongersdei de op- en ôfrit nei De Lemmer hielendal ôfsletten.