Tryater begjint mei oplieding

21 aug 2009 - 10:09

Tryater begjint ein dit jier mei in eigen ynterne teateroplieding. Acht jonge akteurs dy't Frysktalich binne en bining ha mei Fryslân sille earst in heal jier teaterles krije fan betûfte akteurs en dosinten. As se foldogge meie se mooglik langer bliuwe. Doel fan 'e oplieding is om jonge akteurs better te meitsjen en yn de kunde komme te litten mei Tryater.

It teaterselskip sil gearwurkje mei de drama- en teateropliedings fan NHL en Friese Poort en Friesland College.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)