Friesland Day populêr

20 aug 2009 - 16:45

Wa't noch nei de Friesland Day, op 12 septimber yn New York, ta wol, dy komt op in reservelist. Tongersdei is bekend wurden dat de belangstelling foar de grutte Frieze-reuny folle grutter is as ferwachte wie.

Yn de earste plannen soe in tinte romte biede oan 200 gasten, mar foar de yntusken 350 minsken dy't har oanmelden hawwe is in nije, gruttere tinte hierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)